Programma

Programma

Login

Om dit programma te kunnen reserveren dien je eerst ingelogd te zijn. Mocht je nog geen account hebben dan kun je hier een account aanmaken.

0 plekken

Dwale troch Fryske taal en histoarje

Fryske Akademy

Dwaal mei ús troch taal en histoarje en dompelje dy ûnder yn de ynspirearjende wrâld fan de Fryske wittenskippen. Yn it achttjinde-iuwske Coulonhûs fan de Fryske Akademy litte we dy graach yn ‘e kunde komme mei ús ûndersikers en mei it grut ferskaat oan (ynternasjonale) projekten dy’t se útfiere. Lizze dyn ynteresses op it mêd fan skiednis en (digitaal) erfgoed, lân en wetter, kultuer en identiteit of taal en meartaligens? Skriuw dy dan yn en kom op woansdei 10 juny, fan 09:30 oant 13:00 oere (ynklusyf lunch), nei ús wittenskipsfestival oan de Doelestrjitte yn Ljouwert. Elkenien is fan herte wolkom!

Dwaal met ons door taal en historie en dompel je onder in de inspirerende wereld van de Friese wetenschappen. In het achttiende-eeuwse Coulonhuis van de Fryske Akademy laten we je graag kennismaken met onze onderzoekers en met de grote diversiteit aan (internationale) projecten die zij uitvoeren. Liggen jouw interesses op het gebeid van geschiedenis en (digitaal) erfgoed, land en water, cultuur en identiteit of taal en meertaligheid? Schrijf je dan in en kom op woensdag 10 juni, van 09:30 tot 13:00 uur (inclusief lunch), naar ons wetenschapsfestival aan de Doelestraat in Leeuwarden. Iedereen is van harte welkom!

Dit programma wordt gegeven door:

Fryske Akademy

Fan Redbad en de iere midsiuwen oant de tapassing fan keunstmjittige yntelliginsje yn Fryske spraaktechnology: ús Fryske Akademy is in ynspirearjend útwikselingsplak foar wittenskiplike kennis.

De Fryske Akademy is in lyts ynstitút, mar mei in grutte ambysje en in noch grutter netwurk. Mei multydissiplinêr ûndersyk leveret de Fryske Akademy fernijende bydragen oan it ynternasjonale wittenskiplike discours, draacht by oan it akademyske klimaat yn Ljouwert en Fryslân, en generearret ynspirearjende fûnemintele en tapasbere kennis foar en oer de mienskip.

De Fryske Akademy wol in foarbyld wêze foar wittenskiplike ynstituten yn oare minderheidsregio’s, in plak dêr’t oanstoarmjende en fêstige ûndersikers graach komme om fan ús ekspertize gebrûk te meitsjen, mar ek in feilige oaze dêr’t minsken yn alle iepenheid ideeën útwikselje kinne en dêr’t hja stimulearre wurde om de grinzen fan kennis oangeande de Fryske kasus en oanferwante tema’s te ferlizzen.

Slimmer werken in de zorg, met meer werkplezier

Leren, delen en innoveren: kom naar het Anders Werkt Beter Kennisfestival op 1 juli 2026! Lorem del solor et amet lipsum nunc dolor.

Account aanmaken